'Kâns op trochstart Steinfort'

24 apr 2012 - 11:46

Wethâlder Twerda fan Frjentsjerteradiel wie net op 'e hichte fan de grutte problemen by Steinfort Glas yn Frjentsjer. It bedriuw dat heechweardich glês makket foar ûnder oare bedriuwen en kantoaren wurdt tiisdei troch de rjochter fallyt ferklearre. Dan wurdt ek bekend wa't de kurator is en dy moat de saak fierder regelje.

By Steinfort wurken 95 meiwurkers. It gie al in pear jier minder goed mei it bedriuw en dêrom waard sûnt 2009 dieltiid WW oanfrege en tastien. Twerda rekkenet op in trochstart fan it bedriuw.

Neffens de wethâlder hat it bedriuw klanten en is der ek fraach nei glês. In trochstart is ek better foar de gemeente, want as de meiwurkers yn de bystân komme moat de gemeente dat betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)