JW Frisoskoalle is feilich

23 feb 2007 - 14:22

De Johan Willem Frisoskoalle yn Ljouwert krijt 8 maart in label foar ferkearsfeilichheid. Der binne trije skoallen yn Ljouwert mei sa'n label.

It feilichheidslabel is in inisjatyf fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân. It is ûntwikkele om skoallen oan te setten om oan ferkearsûnderwiis te dwaan. Foaral it oplossen fan ûnfeilige sitewaasjes om de skoalle hinne is belangryk om it label te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)