Juwelier yn Ljouwert oerfallen

15 aug 2000 - 17:40

In juwelierssaak op 'e Nijstêd yn Ljouwert is tiisdeitemoarn oerfallen. Trije mannen dienen har foar as klanten, mar pakten op in stuit wapens. Se twongen de eigner fan de saak op de grûn te lizzen.

In foarbygonger hearde lawaai en gong de winkel yn. Hy koe ien fan de oerfallers oermasterje. De oaren waarden kjel en naaiden út. De tredde koe ek ûntkomme. De plysje is nei de dieders op syk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)