Juttersguod Flylân fuortspield

23 okt 2014 - 11:32
  • Al it juttersguod rûnom it drinkelingehûske spielde fuort
  • Om it drinkelingehûske op de Vliehors stie in muorre fan juttersguod
  • Der waard noch in dyk fan sân boud, mar dy koe it wetter net keare

De stoarm fan woansdei hat op Flylân foar skea soarge. Op de Vliehors is juttersguod fan it drinkelingehûske fuortspield. Rûnom it hûske stiet in saneamde 'jutskette' fan allegear guod dat fûn is op it strân fan Flylân. Der stienen bygelyks houten peallen, rêdingsboeien en fiskersnetten.

Troch de hege wetterstân fan woansdei binne al dizze foarwerpen fuortspield troch de see. Der wie foar de stoarm om it hûske hinne al in dyk boud fan sân, mar dy koe it wetter net keare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)