Jutters moatte hout ynleverje

23 des 2011 - 16:38

Alle jutters dy't dizze wike oanspield hout meinommen ha op Skylge, moatte dat freed noch ynleverje. Dogge se dat net, dan krije se besite fan gemeente en plysje. Boargemaster Visser fan Skylge hat dat de jutters yn in brief witte litten. Dizze wike spielden sawat 50 pakketten hout oan fan in skip dat underweis wie fan Sweden nei Portugal. Noch altyd is net bekend wa't de eigner fan de partij is.

Jutters rekkenen harren al ryk mar krigen freed dus yn in brief te hearren dat alles ynlevere wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)