Jutters Flylân drok mei hout

02 jun 2006 - 09:26

Sa'n 15 strânjutters fan Flylân hawwe tongersdeitemiddei drok dwaande west om hout fan it strân te heljen. Mei grut materiaal is it spul ophelle.

It giet dan om fiif hiele grutte pakken hout, dy't nei alle gedachten yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch de hurde noardwestlike wyn fan in skip fallen binne. It hout wie foar it grutste part noch droech fan binnen en dus goed brûkber. It leit yntusken by de jutters thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)