Justysje wol Afghaan wer hearre

18 feb 2005 - 07:09

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat de Britse autoriteiten oppenij frege om in Afghaan te hearren dy't mooglik mear wit oer de moard op Marianne Vaatstra. De man hat in earder ferhoar troch de plysje wegere.

De Afghaan, dy't yn it azc fan Kollum wenne hat, wie fertochte yn de saak, mar DNA-ûndersyk hat him frijpleite. It Iepenbier Ministearje hat no frege oft in Britse rjochter de man hearre wol. Dit kin hy net wegerje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)