Justysje plukt kriminelen keal

10 jul 2009 - 13:52

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert spesjalisearret him yn it kealplukken fan kriminelen. Dat skriuwt it Ministearje fan Justysje oan de Twadde Keamer. Justysje besiket al in tal jierren om feroardielden dy't in soad jild binnen helle hawwe yn spesjale rjochtsaken har fermogen ôf te pakken.

It iepenbier ministearje yn Ljouwert sil no de saken ôfhannelje fan kriminelen dy't yn heger berop gean tsjin it ôfpakken fan it jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)