Justysje hâldt Blokhúspoarte

20 feb 2008 - 10:01
  • Blokhúspoarte bliuwt foarearst noch fan Justysje

De Blokhúspoarte yn Ljouwert krijt foarearst noch gjin nije bestimming. De âlde finzenis bliuwt yn alle gefallen noch twa jier fan it Ministearje fan Justysje.

Dêrnei biedt de Ryksgebouwetsjinst it kompleks oan oerheidsynstellingen oan. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert sjogge yntusken noch wol nei nije bestimmingen. Ek de ynwenners fan de gemeente sille dêrby rieplachte wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)