Jurk mei 10.000 knopen yn Dokkum

20 des 2003 - 00:00

In jurk mei 10.000 knopen is de grutte publykslûker yn Streekmuseum 'It Admiraliteitshûs' yn Dokkum. It is in ûntwerp fan keunstneres Hinke Luiten dy't fan ôffal de moaiste galaklean makket. De knopejurk weaget 10 kilo en is ûnderdiel fan in knope-eksposysje.

Sneon koene minsken harren knopen meibringe om te sjen oft der ek weardefolle eksemplaren by wiene en der wie ek in kursus. De eksposysje duorret noch oant en mei 31 jannewaris 2004.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)