Jurjen de Vries yn swier waar

09 sep 2009 - 12:16
  • Jurjen de Vries sit yn swier waar

It bedriuw Jurjen de Vries BV yn Ljouwert hat útstel fan betelling oanfrege. De Vries ûntwikkelet, produsearret en ferkeapet al mear as 60 jier relaasjegeskinken.

It bedriuw is yn de swierrichheden rekke trochdat de fraach nei relaasjegeskinken ynsakke is. It bedriuw is foar in grut part ôfhinklik fan de finansjele sektor en de auto-yndustry. By it bedriuw wurkje 26 minsken. De direkteur kin noch neat sizze oer de takomst fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)