Juridysk Loket moat besunigje

27 jun 2014 - 18:10
  • Frouwe Justitia

It Juridysk Loket yn Ljouwert is fan moandei 1 july ôf middeis net mear iepen foar minsken mei juridyske fragen. Troch besunigings binne de iepeningstiden oanpast. Minsken mei in leech ynkommen kinne allinnich noch tusken njoggen oere moarns en ien oere middeis terjochte foar fragen.

Op wurkdagen is it Juridysk Loket tillefoanysk noch wol oant seis oere middeis te berikken. It oantal fragen by it Juridysk Loket is de ôfrûne jierren tanaam.

Direkteur Jan Albert Waal fan it Juridysk Loket is der fan oertsjûge dat de juristen effisjinter wurkje kinne troch dizze maatregel. Troch de iepeningstiden oan te passen, komme de minsken minder ferspraat oer de dei nei it loket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)