Jûnssprekoeren by dokters

01 nov 2004 - 17:16

De húsdokters yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren begjinne mei jûnssprekoeren. Se ha dêrmei de primeur foar de provinsje.

Ynkoarten fêstigje de húsartsen har yn it kantoarekompleks oan it begjin fan de wyk. Dêr sitte ek de apoteek, de fysioterapeut en de toskedokter. Dy lêste wol ek begjinne mei sprekoeren op jûntiid. De dokters tinke de jûnstsjinsten oan te kinnen troch wikseljende tsjinsten te draaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)