Jûnsfleanen wer nei 4 dagen

03 des 2007 - 19:50
  • Fleanbasis Ljouwert giet oer nei faker jûns fleanen

It jûnsfleanen op de fleanbasis yn Ljouwert giet mei yngong fan jannewaris fan twa dagen yn de wike wer nei fjouwer dagen. It is dan wol sa dat der ien wike fjouwer jûntiden flein wurdt en de oare wike hielendal net.

It jûnsfleanen op inkeld moandeis en tiisdeis is yn oktober fan start gien, mar foldocht de fleanbasis net. Der moatte te lange dagen makke wurde om yn twa dagen alle taken út te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)