Jûnsfleanen wer fan start

04 okt 2010 - 20:21
  • F-16

De fleanbasis Ljouwert begjint healwei oktober wer mei it jûnsfleanen. Der wurdt oan 'e ein fan it jier fan moandei oant tongersdei in seistal wiken oant alve oere jûns flein. Yn de oare wiken wurdt allinnich oerdeis oefene. Op freed wurdt allinnich oerdeis flein.

Takom jier sil der ek in tal wiken by jûntiid flein wurde. It jûnsfleanen is neffens de Keninklike Loftmacht nedich foar in optimale training fan F-16-piloaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)