Jûnsfleanen op fleanbasis

17 okt 2010 - 16:19

De fleanbasis Ljouwert begjint moandei wer mei fleanen by jûntiid. Seis wiken lang wurdt fan moandei oant en mei tongersdei oant alve oere jûns flein. De F16-piloaten moatte jûns fleane foar in sa goed mooglike training. De ynset fan F16's boppe ûnder oare Afganistan is ek by tsjuster.

De piloaten hawwe ûnder oare spesjale nachtsichtapparatuer. Dêrmei kin allinnich traind wurde as it folslein tsjuster is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)