Jûnsfleanen definsje begjint wer

25 okt 2002 - 00:00

De F16's fan de Fleanbasis Ljouwert sille wer jûnsfluchten útfiere. Dat sil barre op de moandei- en tiisdeitejûn. Takom moandei sil de earste jûnsflucht wêze. De Fleanbasis giet hjir mei troch oant maart takom jier.

De fleaners moatte ek op jûntiid oefenje om't se traind wêze moatte om yn it tsjuster te fleanen. Se drage dan saneamde 'night vision goggles'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)