Jûnsfleanen begjint wer

22 okt 2006 - 12:04

Op de fleanbasis yn Ljouwert set moandei it jûnsfleanen wer út ein. De kommende wiken is it fleanfjild fan moandei oant en mei tongersdei iepen, oant alve oere jûns.

Op dy dagen ferfalt it moarnsprogramma en begjint it fleanen pas letter op de dei. De fleantugen lâne allegear foar alven. Op freed wurdt wol betider op de dei flein. De lêste jierren ha de fleantugen in soad nije apparatuer krigen om yn it tsjuster te fleanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)