Junior Scherjon ljept it fierst

29 jun 2006 - 15:07

Hannes Scherjon fan Noardburgum hat woansdei yn Drylts de fierste ôfstân ljept. Scherjon docht noch mei by de junioaren mar hy ljepte mei 18 meter 32 it fierst fan allegear.

Yn de topklasse pakte Oane Galema fan It Heidenskip de winst mei in ôfstân fan 17 meter 42. By de froulju wûn Jildou Postma fan Snits. Nard Brandsma fan It Heidenskip wûn by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)