Jûn oer ûnderwiis op It Bilt

02 feb 2011 - 12:47

De gemeenteried fan It Bilt praat woansdeitejûn oer de takomst fan it basisûnderwiis yn de gemeente. In soad doarpen ha noch in skoalle en guon sels twa. De fraach is oft dat de kommende jierren noch helber is mei de krimpende befolking en in weromrinnend budzjet. Belanghawwenden en pleatslik belangen fan de doarpen prate deroer.

De gemeente hat ûndersyk dien nei de takomst fan de skoallen. It docht bliken dat net alle doarpen twa skoallen hâlde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)