Jûn oer Sionsberg: 80 minsken

02 okt 2014 - 07:51

In groep fan goed 80 minsken kaam woansdeitejûn ôf op in byienkomst fan Aksjegroep Red de Sionsberg yn Dokkum. Sy roppe minsken yn Noardeast Fryslân op massaal oer te stappen fan fersekerder. Dêrmei tinkt de aksjegroep ynfloed te hawwen op de takomst fan it troch reorganisaasjes pleage sikehûs yn Dokkum.

Neffens de Friesland, de grutste soarchfersekerder fan ús provinsje, hellet dat oerstappen lykwols neat út. Mar de aksjefierders en fersekerders DSW en ASR binne mei harren konsept Beter Dichtbij in oare miening tadien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)