Jûn oer 'Heak om Ljouwert'

01 apr 2006 - 15:08

Fertsjintwurdigers fan in trijetal gemeenten en fan de provinsje prate moandei oer in wike oer de 'Heak om Ljouwert'. Dat bart op in mienskiplke kommisjegearkomste yn It Holt yn Deinum.

De Heak om Ljouwert is in nije dyk, súdwestlik om Ljouwert hinne. De dyk komt te lizzen yn de greiden by Boksum, Jellum, Ritsumasyl, Deinum en Marsum. De gearkomste is foar riedsleden fan Littenseradiel, Menameradiel en Ljouwert en foar Steateleden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)