Jûn oer gebedshûs goed ferrûn

16 jun 2011 - 07:47
  • Foto: Marokkaanske feriening

De ynformaasjejûn oer de plannen foar in gebedshûs fan de Marokkaanske feriening is woansdei goed ferrûn. De bewenners fan de wyk De Akkers op It Hearrenfean binne benammen bliid dat it gjin moskee wurdt mei in toer en in audio-ynstallaasje wêrmei't minsken oproppen wurde om te bidden.

De Marokkaanske feriening wol de skoalle oan de Amelandlaan keapje fan de gemeente. It gebou komt dizze simmer leech te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)