Jûn ferkiezingsdebat op Omrop Fryslân tv én Omroplive.nl

17 mrt 2015 - 11:57
  • Dreamen foar Fryslân

Hokker politike partij wurdt woansdei by de provinsjale steateferkiezings de grutste partij fan Fryslân? Wat binne de grutte tema’s dêr’t jo woansdei 18 maart oer stimme kinne? Op dizze fragen kinne je tiisdeitejûn in antwurd ferwachtsje yn it ferkiezingsdebat op Omrop Fryslân tv.

Listlûkers fan de njoggen partijen dy’t fjouwer jier lyn yn Provinsjale Steaten keazen binne, geane yn debat oer ferskate ûnderwerpen lykas wynmûnen, gas– en sâltwinning, iepenbier ferfier, Kulturele Haadsted 2018 en de besteging fan it Nuon-jild.

Dêrnjonken fertelle de njoggen listlûkers wat harren dream foar Fryslân is. It programma op tillevyzje set om 18.15 oere útein en duorret oant 19 oere ta. Dêrnei giet it programma noch ûngefear in healoere troch op ynternet op www.omroplive.nl. Presintatoaren fan it debat op tillevyzje binne Simone Scheffer en Eric Ennema. Op ynternet nimt polityk ferslachjouwer Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante dizze rol ek foar syn rekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)