Jumbo iepent doarren yn Drachten

04 aug 2004 - 12:07

Yn Drachten iepent woansdei de Jumbo. It is de fjirde festiging yn Fryslân fan de supermerk dy't de goedkeapste fan Nederlân wêze soe. Troch de prizeslach binne in soad produkten al goedkeaper wurden. Supermerken yn de buert binne net benaud dat har klanten manmachtich oerstappe nei de Jumbo.

Yn Boalsert, Makkum en Wommels sit ek in Jumbowinkel. Yn Drachten kinne 150 minsken oan it wurk. De alderearste winkel fan Jumbo is yn 1983 iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)