Julianaskoalle net mear swak

19 des 2013 - 18:05
  • Gemeente Kollumerlân

De keningin Julianaskoalle yn Kollum is gjin 'zeer zwakke' skoalle mear. De skoalle stie sûnt jannewaris fan dit jier ûnder tafersjoch fanwege de minne ûnderwiisresultaten. Binnen twa jier moat it ûnderwiis opnij op peil wêze. De skoalle is no healwei en no al hat de ûnderwiisynspeksje witte litten dat se op de goede wei binne. Foar ein 2014 moat de skoalle it ferbettertrajekt ôfsletten hawwe.

Der stiet no noch ien Fryske skoalle op de list fan 'zeer zwakke' skoallen en dat is de Voorde yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)