'Julia' mei iepen bliuwe

23 feb 2010 - 20:14

Sportynstitút Julia op 'e Harkema mei de kommende fjouwer moanne iepen bliuwe. Mar dan moat der wol genôch parkearromte socht wurde en moat der in begrinzer op de muzykynstallaasje.

Oer fjouwer moanne hat de gemeente de nije fergunning klear en dan is it bedriuw miskien legaal. It probleem is dat de omwenners it net iens binne mei de komst fan it sportsintrum. Sy brochten de saak foar de rjochter. Se krigen gelyk en no moat de gemeente it húswurk oer dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)