Julia Burgers-Drost ferstoarn

22 jan 2013 - 12:02
  • Julia Burgers-Drost

Skriuwster Julia Burgers-Drost is ôfrûne tongersdei ûnferwacht op 74-jierrige leeftyd yn Snits ferstoarn. Dat hawwe har útjouwers tiisdei bekend makke. Burgers-Drost skreau ûnder de pseudonimen Evelien Overbosch en Judith de Man-Hovius hast 100 boeken, meast famyljeromans.

Mei-inoar waarden sawat in miljoen eksimplaren fan har wurk ferkocht. Se publisearre ek koarte ferhalen yn kranten en gedichten yn tsjerkebledsjes. De skriuwster waard yn Dieren berne en wenne sûnt 1988 mei har man yn Nijlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)