Jûkte troch poelslak

14 jun 2007 - 10:27

De gemeente Smellingerlân hat warskôgingsbuordsjes delset by de fiver fan de wyk de Singels yn Drachten. Ofrûne wykein krigen bern nei it swimmen lêst fan bultjes en jûkte. De klachten wurde feroarsake troch larven fan 'e poelslak.

Gewoanwei wurdt der yn 'e perioade dat poelslakken aktyf binne noch net swommen. Troch de hege temperatuer is dat no wol it gefal. Swimme yn de Singelsfiver is net ferbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)