Jukeboxdieven oppakt

14 maaie 2011 - 13:20

Twa manlju binne freedtejûn yn Doanjum oanhâlden foar it stellen fan in jukebox yn Harns. Tsjûgen seagen dat in man (30) út Doanjum en de Ljouwerter (41) it apparaat út in loads oan de Feartwei yn Harns hellen.

De plysje hâlde de manlju letter oan, mar de jukebox wie al ferkocht oan twa Eastenrikers yn in wite bestelbus. Nei't mei dy Eastenrikers belle wie, binne de manlju op de A2 by Deijl steande hâlden. Yn de bus leine twa stellen jukeboxen en in soad jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)