Juf Siep moandei wer foar klas

08 jan 2008 - 20:53
  • Juf Siep mei moandei wer foar de klas
  • Raerd is tige bliid mei de weromkomst fan juf Siep

De aksje fan de ynwenners fan Raerd foar de skorste skoaljuf Siep Stroosma hat fertuten dien. Moandei stiet se wer foar de klasse. Yntusken sette de partijen útein mei in mediationtrajekt.

Stroosma waard skorst fanwege in earnstich konflikt mei de nije direkteur fan basisskoalle It Raerderhiem. Dy skorsing soe juridysk net doge, dus mei se werom komme. It doarp hat de hiele krystfakânsje aksjefierd tsjin de skorsing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)