Jubileumjier Tryater grut sukses

11 maaie 2006 - 16:49

Toanielselskip Tryater hat in topjier achter de rêch. Yn it jier dat Tryater 40 jier bestie, besochten 65.000 minsken de ferskate foarstellings. In absolút rekord.

Grutte publykslûker wie 'De op- en delgong fan Lytse Fûgel' mei 16.000 belangstellenden. Troch de suksessen hat Tryater finansjeel in posityf risseltaat behelle. Dat jild sil fral bestege wurde oan it ferjongen fan it toanielselskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)