Jubileumjier PC iepene

16 maaie 2003 - 00:00

150 jier lyn waard yn Frjentsjer foar it earst de PC hâlden. Freed wie de offisjele iepening fan it jubileumjier. Sûnt 1995 is de permaninte kommisje dwaande mei de tariedings. Der binne twa tuorren boud fan 25 meter heech.

De tuorren steane op it plak dêr't earder it Sjaerdemaslot stie. It moatte monuminten wurde foar de lange keatsskiednis. Dy skiednis is fêstlein yn it spesjale jubileumboek 'De fiifde woansdei'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)