Jubileumekspo Jopie Huisman

04 des 2010 - 12:33

Der komt in jubileumeksposysje oer Jopie Huisman. Soan Jacob en neef Joop fan de bekende Warkumer skilder binne der mei dwaande. De skilder stoar yn 2000. Foar de eksposysje wurdt noch socht nei wurk fan Huisman dat noch net bekend is by it grutte publyk. Ek moat dúdlik wurde hoefolle wurk fan Jopie Huisman der eins bestiet. Der binne no 82 skilderijen fûn.

De eksposysje wurdt hâlden tsjinoer it Jopie Huismanmuseum. De ekspoysje begjint 9 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)