Jubileumboek oer kuiertocht

29 aug 2010 - 11:25

Yn it ramt fan de fyfde Pieter Stuyvesant Kuiertocht sil de organisaasje in jubileumboek útbringe. De kuiertocht wurdt om it jier hâlden yn de omkriten fan Wolvegea. It boek blikt werom op de tochten dy't oant no ta ferrûn binne.

Sa stean alle rûtes der yn, bysûnderheden oer de doarpen dêr't de tochten trochgien binne en ferhalen fan dielnimmers. De jubileumtocht wurdt takom jier yn juny hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)