Jubileum sylferiening Warten

24 aug 2014 - 16:07
  • Jachthaven Warten

IIs- en sylferiening De Kruiswaters út Warten bestie snein op de dei ôf 150 jier. Tachtich leden dienen de earste sylwedstriid symboalysk oer mei in tocht troch de Alde Feanen. Eartiids waard de wedstriid mei fracht- en buertskippen fearn, no mei moderne sylboaten.

It 150-jierrich jubileum wurdt dit jier mei tal fan aktiviteiten fierd. Op 30 jannewaris waard al in offisjele resepsje hâlden. De Kruiswaters is mei goed 200 leden ien fan de grutste sylferienings fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)