Jubileum Schrieversronte los

15 jan 2012 - 12:38

Mei in spesjale nijjierresepsje yn Noardwâlde is sneon it startsein jûn foar it jubileumjier fan de Stellingwarver Schrieversronte. De Schrieverronte waard yn 1972 oprjochte om op te komen foar de Stellingwerver taal en kultuer.

Sûnt doe binne der mear as 150 boeken útjûn en tal fan aktiviteiten organisearre. Dit hiele jier binne der in grut tal jubileumbyienkomsten. De Schrieversronte hat dêrfoar in spesjale website opset: www.stellingplus.nl

De Schrieversronte hat no sa'n 1300 leden en wol dat yn 'e rin fan dit jier útwreidzje oant sa'n 1500.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)