Jubileum Ronald McDonaldhuzen

22 aug 2011 - 21:57

Yn alle festigings fan de Ronald Mc Donaldhuzen yn Nederlân wurdt tiisdei fierd dat der 1 miljoen oernachtings west hawwe. Yn in Ronald Mc Donaldhûs kin âlden, suskes en broerkes te plak fan bern dy't opnaam binne yn in sikehús. By it MCL yn Ljouwert is ek in Ronald Mc Donaldhús. Dêr binne acht keamers mei in eigen badkeamer en tillevyzje. De húskeamer en keuken moatte de gasten mei elkoar brûke.

De huzen draaie op donateurs, sponsors en frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)