Jubileum Ronald McDonald Hûs

09 okt 2014 - 07:36
  • It Ronald McDonald Hûs
  • It Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert
  • Ien fan de sliepkeamers yn it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert

It Ronald McDonald Hûs Fryslân bestiet 10 jier. Yn gearwurking mei Fryslân Culinair fynt dêrom tongersdeitejûn yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert in konsert plak fan it Frysk Jeugd Orkest. Nei ôfrin is der in kulinêr hapkesfeest.

Yn it Ronald McDonald Hûs dat njonken it MCL yn Ljouwert stiet, kinne âlden in sliepplak krije as har bern in skoft yn it sikehûs opnommen wurde moatte. It hat dêrfoar acht sliepkeamers en inkele mienskiplike wenkeamers ta beskikking. Utsein in betelle manager draait de organisaasje hielendal op frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)