Jubileum by Radio Middelsé

09 apr 2014 - 07:39
  • Henk Schippers fan Radio Middelsé

Radio Middelsé, de lokale stjoerder fan Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel, set woansdei syn frijwilliger Henk Schippers yn it sintsje. Fanwege de 200e edysje fan syn moarnsprogramma, mei de amateur-dj tusken seis oere moarns en seis oare middeis in maraton-útstjoering presintearje.

Schippers, dy't yn Hallum wennet, fytst alle dagen om healwei fjouweren moarns nei de radiostudio yn Stiens. Foar alle 200 moarnsprogramma's byelkoar giet it dan om in ôfstân fan hast 3500 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)