Jubileum-moadeshow Noordstrand

17 okt 2004 - 15:36

Moade-ûntwerper Hans Noordstrand út Nijeholtpea is al 25 jier aktyf yn Noard-Nederlân. Dat is mei de reden west dat er der foar keazen hat om syn nije kolleksje te presintearjen yn it nije gemeentehûs fan Weststellingwerf, yn Wolvegea.

De jubileum-moadeshow waard sneon twa kear opfierd. Yn it Omrop Fryslân-radioprogramma De Koperen Tún wie sneintemiddei in petear mei Noordstrand te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)