Jubileum Krystkongres Frjentsjer

28 des 2005 - 11:09

Yn Frjentsjer is woansdei en tongersdei it Krystkongres fan 'e Federaasje fan Fryske studinteferienings. Omdat it earste kongres yn 1931 plak fûn giet it om in jubileumedysje.

It tema is dit jier 'Better de juf út de klean as it Frysk útklaaid'. Deputearre Mulder sil yn diskusje mei ûnder oare FNP-steatelid Toering. De federaasje bestiet út de ferienings Bernlef (Grins), WSSFS (Wageningen) en Mokumer Mjitte út Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)