Jubileum Harmonie mei Potemkin

25 maaie 2005 - 17:47

De Ljouwerter wethâlder Van Mourik en Harmonie-direkteur Oostvogel sille mei 300 oare, ek net-professionele toanielspilers te sjen wêze yn Potemkin. It teaterspektakel wurdt snein opfierd yn de Harmonie yn Ljouwert fanwege it jubileum. It nije gebou stiet der no tsien jier.

De repetysjes begjinne sneontemoarn en snein is it einresultaat te sjen. De foarstelling wurdt makke yn gearwurking mei it Noord-Nederlands Toneel, it NNT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)