Jubileum foar feemerk Ljouwert

20 aug 2014 - 21:18

De fernijde feemerk neist it WTC yn Ljouwert bestie woansdei op de dei ôf tolve-en-in heal jier. Om dat te fieren waard de reguliere tongersdeimerk foar kij woansdeitejûn al holden. De nije feemerk waard begjin 2002 oprjochte troch noardlike feehannelers. Sy woenen graach fierder mei de merk nei't de âlde hal ticht gie as gefolch fan de tongblierkrisis en strange regeljouwing út Brussel wei.

Hoewol't in feestje fierd waard, giet it mei de hannel hjoed-de-dei wat minder. De prizen foar kij is op it stuit leech om't it oanbod grut is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)