Jubileum Buurtzorg Ljouwert

19 maaie 2014 - 18:34

Buurtzorg Ljouwert hie moandei har earste jubileum. Yn 2009 binne se begûn yn Ljouwert-West en no wurkje sân teams yn de stêd en 37 yn de provinsje. As lêste krige Wolvegea op 1 maaie in eigen team.

De groei hat Buurtzorg benammen te tankjen oan de platte organisaasje en de koarte linen mei húsdokter, fysioterapeuten, sosjale wykteams en oare ynstânsjes. Utgongspunt is dat kliïnten sa min mooglik ferskate helpferlieners yn 'e hûs krije en dat de help safolle mooglik yn ien kear troch in fêst ploechje meiwurkers ferliend wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)