JSF is stiller as tocht

14 mrt 2009 - 11:19
  • De JSF is stiller as tocht, neffens ûndersyk

De JSF makket kwalik mear leven as de direkte konkurrint fan Saab. Ek is it ferskil tusken de JSF en de F16 net sa grut. Dat stiet yn in ûndersyk fan it Nasjonaal Loft- en Romtefeartlaboratoarium.

It laboratoarium komt op in lûdsnivo fan 110 desibel foar de JSF. De besteande F16 sit dêr mar 6 desibel ûnder. Steatsiktaris De Vries fan definsje is optein oer de resultaten, mar omwenjende Geert Verf fan Marsum fertrout de sifers net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)