'JSF noch net definityf'

17 sep 2013 - 11:15
  • PvdA-keamerlid Lutz Jacobi

As it oan PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi leit, stiet it noch hielendal net fêst dat it kabinet de JSF keapet. De Twadde Keamer hat it lêste wurd, en dy moat der noch oer te set. Dat jildt ek foar de PvdA-fraksje, dy't bot wrakselet mei it beslút.

Lutz Jacobi fan Wergea is ien fan de Keamerleden dy't kritysk binne as it giet om it foarnimmen om Joint Strike Fighters te keapjen as opfolger fan de F-16's. Omdat de JSF sa djoer is, sil it kabinet minder tastellen keapje. Dat soe wer betsjutte kinne dat Nederlân minder fleanbases nedich hat.

It swarte senario soe wêze kinne dat de fleanbasis yn Ljouwert útklaaid wurdt, tichtgiet of trochgiet as fêstigingsplak fan de Luchtmobile Brigade dy't no noch yn Assen sit. Wat Jacobi oanbelanget, binne dat ûnbesprekbere senario's. Der binne earder ofspraken makke tusken de Twadde Keamer en it kabinet oer it behâld fan wurkgelegenheid yn de regio. Dêr wol Jacobi it kabinet op fergje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)