'JSF net lûder as Saab Gripen'

16 mrt 2009 - 17:09

De Joint Strike Fighter makket kwalik mear lûd as syn Sweedske rivaal Saab Gripen. It ferskil is amper te hearren. Wol meitsje beide fleantugen mear leven as de F16. Dat docht bliken út in rapport fan nasjonaal loft- en romtefeartlaboratorium NLR. Dy hat yn opdracht fan it Ryk ûndersyk dien nei de lûdsproduksje fan de fleantugen dy't mooglik de F16 opfolgje.

Definsje keapet it leafst de JSF. Dat soarget foar in soad wjerstân yn de doarpen by de fleanbasis Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)