JSF moat earst yn Ljouwert komme

25 nov 2004 - 17:23

As Nederlân it gefjochtsfleantúch de Joint Strikefighter, JSF, oanskaft, moat dy as earste brûkt wurde op de fleanbasis Ljouwert. Dat sei kolonel Ruijs by syn ynstallaasje as nije kommandant fan de fleanbasis. Ruijs folget kolonel Mulder op dy't definsje- attasjee wurdt yn Frankryk.

Oer 10 jier wol it kabinet begjinne mei it ferfangen fan it F16-gefjochtsflean- túch troch de JSF. Fleanbasis Ljouwert soe altyd al in foarlûkersrol spile ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)