'JSF is grutte flater'

17 feb 2010 - 21:34
  • 'JSF wurdt grutte flater'

Nederlân makket in grutte flater mei de oankeap fan de Joint Strike Fighter. Dat sei saakkundige Johan Boeder woansdeitejûn tsjin de Twadde Keamer. De PvdA, SP, GrienLinks en PVV hiene in harksit organisearre om de kritikus te hearen yn de oanrin nei it ferwachte kabinetsbeslút om in twadde testtastel te keapjen.

Neffens Boeder wurdt it tastel letter oplevere, sil de kwaliteit minder wêze en ek folle djoerder wurde as earder tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)